Pelotefroulje winne pelotekompetysje 2014!!
1e kompetysjeronde Op 6 maaie wie de earste kompetysjeronde yn Winsum, mar hjir hoegden de froulje noch net yn aksje te kommen. Weidum wûn der fan Winsum en Wiuwert/Britswert wûn fan Spannum. 2e kompetysjeronde 13 maaie wie de twadde kompetysjeronde yn Mantgum. De froulje fan Mantgum mochten dizze ronde ek los. De tsjinstanner fan dizze jûn wie Spannum. Ûnder hearlike waarsomstannichheden gongen de froulje fan Mantgum flitsend fan start! Spannum wat yn de ôfrûne jierren altiid noch in lestige tsjinstanner wie, wist dit jier neat yn te bringen tsjin Mantgum. De froulje wisten de partij te winnen mei in stân 10-1. 3e kompetysjeronde Op 20 maaie wie de tredde kompetysjeronde yn Wiuwert. Hjir spile Mantgum tsjin it partoer fan Winsum. Ek dizze partij waard flitsend wûn. Mei in stân fan 10-3 wie Mantgum te sterk foar de ploech út Winsum. 4e kompetysjeronde De 4e kompetysjeronde wie op 27 maaie. De froulje fan Mantgum spilen yn Weidum tsjin Weidum. Op in kâld en reinich fjild begûn Mantgum mei in foarsprong, mar Weidum kaam al gau yn efterfolging. Mantgum hie hieltiid de foarsprong, mar koe der net foar soargje dat der in gat makke waard mei Weidum. By in stân fan 9-9 wist Weidum it ôf te meitsjen. In soer ferlies foar de froulje fan Mantgum, dat yn dizze partij te folle fouten makke. 5e kompetysjeronde Op 3 juny wie de lêste kompetysjeronde yn Spannum. De froulje spilen der tsjin Wiuwert/Britswert. Troch it ferlies fan ferline wike moasten de froulje minimaal acht earsten pakke om yn de finale te kommen. De partij tsjin Wiuwert gong fleanend fan start. Mantgum pakte samar in foarsprong fan 6-1. Wiuwert wist sa no en dan noch wol in buordsje te pakken, mar Mantgum koe de partij by in stân fan 10-4 dien meitsje en dat betsjutte in plak yn de finale! Weidum wûn fan Spannum en dat betsjutte dat de finale fan 2014 tusken Mantgum en Weidum gong. De Finale Ûnder minne waarsomstannichheden gongen de pelotefroulje op wei nei Wiuwert om der de finale te spyljen tsjin Weidum. Doe’t de froulje yn Wiuwert kamen, wiene de finales yn de ferliezersrondes ôflast. Troch it minne waar koe der op de terp yn Wiuwert net keatst wurde. Myn syn allen gongen de froulje nei it sportfjild om te sjen at de finale der wol keatst wurde koe. It keatsbestjoer fan Wiuwert fûn it te riskant om te keatsen en besleat om de wedstriid ôf te lassen. Nei ienich oerlis tusken de twa teams en it bestjoer is der in nije datum fêstlein en beide teams gongen wer werom nei hûs. De Finale 2.0 Poging twa wie op tiisdei 10 juny. Dit kear wie it hearlik waar om te keatsen. Op de terp yn Wiuwert lei in prachtich fjild en beide ploegen wiene der klear foar. Foar Mantgum keatsten Bregt, Anke, Ilse, Baukje en Lyssa. Jennie wie ôfwezich want die hie oare kuorbalferplichtingen. Mantgum begûn oan de opslach mei Ilse. It earste buordsje wie foar Mantgum. It twadde buordsje foar Weidum en sa gong it earste ketier gelyk op. Mantgum kaam op wer op 2-1 en op seis gelyk makke Weidum in fout wêrtroch Mantgum ek de 3-1 pakte. Mantgum keatste goed en gong troch, mar hieltiid slagge it de froulje net om in moaie foarsprong te meitsjen. By in stân fan 6-5 6-6 wie it Mantgum dat it buordsje pakte en dermei de san earsten wist te beheljen. Nei dit wichtige punt makke Mantgum net folle fouten mear en koene de froulje sa nei de 9 earsten ta rinne. By in stân fan 9-5 6-6 waard de finale mei in boppeslach beslist en gong de titel fan 2014 nei de froulje fan Mantgum!!!!! De einstân fan de pelotekompetysje: 1. Mantgum 2. Weidum 3. Winsum/Wiuwert (de partij om it tredde plak is net keatst, troch it minne waar) 5. Spannum (degradearret nei de B-poule) Wommels wûn yn de B-poule en dat betsjut dat se promovearje nei de A-poule. Op 20 july stiet Mantgum op de Pelote PC yn Winsum om de titel te prolongearjen! Lyssa van der Ende
Geplaatst op 16 June 2014